Arts
Ik lit my achteroer falle op de learen bank. Ik fiel it swit yn myn nekke as ik myn holle tsjin it kâlde kessen fan de bank triuw. Ik skop myn sneakers út, klap myn fuotten op it taffeltsje en doch de eagen ticht. Ik fiel myn hertslach yn myn holle en yn myn hals en ik hymje as ha 'k krekt in hiel ein draafd. It ferhaal 'It suske fan' is skreaun troch Thys Wadman en wurdt foarlêzen troch Thijs Feenstra. Thys Wadman (1956) is skriuwer, is krekt as ûnderwizer mei pensjoen gien en muzikant.