Arts
It wie de tiid dat radio's in grien each hiene, dat popgroepen mei bistenammen de hitlisten bestoarmen en prinsessen harren ferloofden. Dat klanten net foarby de toanbank yn de winkels kamen, mar geduldich wachten oant de winkelman sels de waar fan de planken pakte, om dêrnei mei in stompke potlead it rekkentsje op te meitsjen. It ferhaal 'Hoe't ik it fjildfirus skipe' is skreaun troch Lida Dykstra en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Lida Dykstra (1961) hat tal fan, benammen, berneboeken skreaun yn it Frysk en yn it Nederlânsk. As Berneboeke-ambassadeur giet se faak op skoalbesite.