Arts
Op it sollisitaasjepetear die bliken dat it om in oare baan gie. Dêr siet ik, yn myn moaie jurk en mei in earstegraadsfoech foar Frysk. Mar myn diploma's leinen by Frits. 'Wat sikest krekt yn 'e berne-opfang?' frege de jonge frou mei de reade hynstesturt. Ik wíe al oerkwalifisearre, mar dit senario hie my yn myn sliepeleaze nachten noch net wekker hâlden. It ferhaal 'Lost in Translation' is skreaun troch Jetske Bilker en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Jetske Bilker (1960) is skriuwer, oersetter, resinsint en se jout kursussen kreatyf skriuwen.