Arts
'Wêrom giet mem net op Tinder?' freget Brecht. Mar dêr sit Pytsje net op te wachtsjen. En se wol ek net nei 'First Dates'. Dy moderne dating-metoaden, neat foar har. Mar dan fynt se har âlde poezyalbum werom, mei dêryn de namme fan in geheime jeugdleafde. Dan lûkt Pytsje de stoute skuon oan. It ferhaal 'Old School' is skreaun troch fan Hilda Talsma en wurdt foarlêzen troch Nynke Heeg. Hilda Talsma (1971) hat tal fan romans op har namme stean, ek skreau se in berneboek, toanielteksten en se is kollumniste by Omrop Fryslân.